"Ynspiraasje lit him mar lêstich ôftwinge.."
Wolsto begjinne mei kreatyf skriuwen, mar fynsto de skriuwopdrachten noch krekt in stap te fier?
Begjin dan earst ris op dizze 'ynspiraasjeside.' Op dizze side jouwe de leden fan ús skriuwersbûn, tips dy't it ynspiraasjeproses yn 'e holle op gong helpe kin.
Do learst om krekt in bytsje fierder te tinken as oars en dêrmei makkest dyn fantasij-wrâld elke kear in bytsje grutter.
Ek kinst dizze side brûke ast fêst rinst yn 'e holle by it skriuwen fan ien fan dyn kreative ferhalen.
Wer wachtest noch op? Ynspirearje dy ryk!
Begjin dan earst ris op dizze 'ynspiraasjeside.' Op dizze side jouwe de leden fan ús skriuwersbûn, tips dy't it ynspiraasjeproses yn 'e holle op gong helpe kin.
Do learst om krekt in bytsje fierder te tinken as oars en dêrmei makkest dyn fantasij-wrâld elke kear in bytsje grutter.
Ek kinst dizze side brûke ast fêst rinst yn 'e holle by it skriuwen fan ien fan dyn kreative ferhalen.
Wer wachtest noch op? Ynspirearje dy ryk!
Boarne: nl.freepik.com
|
Tip 1: Fragen, fragen, fragen...Stel dy sels fragen by in byld, foto, of útsjoch datsto hast.
Wês nijsgjirrich en sykje nei details. Wêr soe in ferhaal achter sitte kinne? Of sit der eins oeral in ferhaal achter? Sjoch nei de ôfbylding hjir neist. Stel dysels fragen oer watst sjochst. Foar ynspiraasje kinst op 'e fraachtekens yn de ôfbylding klikke. |
Tip 2: Tiid..Ek tiid spilet in wichtige rol yn dyn ferhaal. Sels ast it net iens beneamst.
Yn hokker tiid spilet it ferhaal him ôf? En hat de tiid grutte ynfloed op it barren yn dyn ferhaal? Sjoch hjirneist ris nei in typysk strjitbyld fan Nederlân. En sleep no ris de wite balke oer de ôfbylding. De situaasje is troch de tiid aardich feroare. Feroaret dat dyn ferhaal ek? |
Boarne: docinstam.nl/driehoekstraat/historie.html
|
|
Tip 3: Uterlik fan dyn haadpersonaazjeIt skriuwen fanút in personaazje, in bist of sels in foarwerp is somtiden makliker dan skriuwen fanút it 'neat.' Mar hoe sjocht dyn personaazje derút? In lange jas, in blauwe sjaal, of it kapsel kin in soad ynspiraasje jaan oer hoe't dyn haadpersoan troch dyn ferhaal rint. Besykje it hjir neist ris, troch de wite balke oer de ôfbylding te skowen.
|
Tip 4: LokaasjeDe lokaasje fan dyn ferhaal kin in soad sizze oer hoe't de ferhaalline rinne sil.
Dêrom is it wichtich om goed te witten wêr't dyn ferhaal him ôfspilet. In ferhaal op 'e Bonkefeart sjocht der hiel oars út as dat it him ôfspilet yn de drûge woastyn.. Besjoch foar ynspiraasje ris in kaart fan de Nederlân. Of Fryslân, of miskien wol in kaart fan de wrâld! Op de kaart hjirneist kinst op syk nei de júste lokaasje foar dyn ferhaal. |
Yn 'e stêd:
Yn it bosk:
|
Tip 5: OmjouwingslûdHoe sjocht de omjouwing fan dyn lokaasje derút? Is it in drokke stêd of spilet dyn ferhaal him ôf yn it bosk?
Sykje ris in lûdsfragmint op fan de omjouwing yn dyn ferhaal. Of noch better: gean der hinne! Wat kin dêr allegear barre? Miskien flocht de ynspiraasje dy sa it ear yn. |
Hast al brûkbere ynspiraasje opdien foar dyn earste ferhaal?
Sjoch dan gau ris nei de ôfleveringen fan Skriuw dy ryk en miskien kinst dyn ynspiraasje al tapasse!