Skriuw dy ryk - in kreative skriuwkursus"Skriuw dy ryk bestiet út in skriuwersbûn fan skriuwers dy't miene dat se net kreatyf binne, mar yntusken al in hiel soad kreative útspattingen op papier setten ha."
Sa begûn de allerearste ôflevering fan de lesserige Skriuw dy ryk. Yntusken binne der al hast 10 ôfleveringen makke foar learlingen en studinten dy't graach dwaande binne mei kreatyf skriuwen yn it Frysk. Op in humoristyske wize nimme de skriuwers fan it skriuwersbûn jim mei nei ferskate plakken en tema's dêr't jim oer skriuwe sille. Fansels is it net allinne mar sjen, jim moatte sels ek oan de slach! |
Nei elke ôflevering komt der in skriuwopdracht dy'tst útfiere kinst. Net benaud wêze, wy begjinne stadichoan en bouwe eltse ôflevering in bytsje mear oan dyn kreatyf ynlibbingsfermogen. Foar datst it witst, hast in prachtich ferhaal op papier. Sels betocht, mei in bytsje 'ynspiraasje' fan ús.
Skriuw dy ryk is bedoeld om it kreatyf skriuwen yn de Fryske taal in bytsje yn it ljocht te setten. Op skoalle wurdt der net follo tiid bestege oan kreatyf skriuwen. Sels yn de Nederlânske taal. En dat fine wy spitich. Om't der foar Frysk wol lesmateriaal te finen is, ha wy ús no rjochte op it kreative aspekt. Mar fansels byt it iene it oare net en silst sjen, dat ast oan de slach bist mei Skriuw dy ryk, dyn Fryske stavering ek ferbetteret.
Wa kin skriuw dy ryk brûke?
Kreatyf dwaande wêze is net leeftydsbûn. Dêrom wolle wy der net graach in leeftyd oan keppelje. De ôfleveringen binne makke foar learlingen/studinten fan it fuortset ûnderwiis, middelber beropsûnderwiis en it heger beropsûnderwiis. Mar ek ast net mear op skoalle sitst, kinst gewoan de pinne der by pakke.
Neist de ôfleveringen kinst op dizze side ek noch ekstra opjeftes meitsje. Sa steane der ûnder de filmkes ynteraktive fragen, spultsjes, en aktiviteiten dêr'tst in soad fan opstekke kinst. Koartom, rap oan 'e slach en.. Súkses!
Mear witte? Sjoch dan op ús kolofon side.