ôflevering 2 - De tiid hâldt gjin skoft
Besjoch ôflevering 2 'De tiid hâldt gjin skoft' hjirûnder. Wolst nei de skriuwopdracht noch mear witte fan Eise Eisinga en Frjentsjer? Meitsje dan de ynteraktive opdrachten ûnder de fideo. Súkses!
De skriuwopdracht:
Jim skriuwe fanút it jier 2050 en sjogge werom op in foarwerp út ús eigen tiid.
Beskriuw in foarwerp dat wy yn 2050 hiel oars brûke of miskien wol hielendal net mear. Helje dyn ynspiraasje dêrfoar út dyn eigen fertroude omjouwing.
Kinst tinke oan in foarwerp dat hiel grut is (in supermerk). Mar kinst it ek sykje yn it lytse (Skriuwe wy yn 2050 noch mei in pinne, bygelyks?). Ferwiis yn dyn ferhaal nei ús eigen hjoeddeiske tiid en hoe’t wy mei dyn foarwerp omgongen. Dyn ferhaal bestiet út 450 wurden.